Jochum Bouma wint Bitgum

23 aug 2008 - 18:02

It partoer fan Jochum Bouma, Jacob Wassenaar en Pier Piersma hat sneon de útnoegingspartij yn Bitgum wûn. Yn de finale wie dit trio mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Tjitte Bonnema en Douwe Groenendijk.

Op dy stân sloech Jacob Wassenaar de bal werom yn it perk en luts dêrmei de partij nei him ta. Yn de heale finale wie it partoer fan Bouma te sterk foar Martijn Olijnsma, Erik Haitsma en Chris Wassenaar (5-5, 6-4).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)