Atletes drave foar Dillema
Hûndert atleten ha freed op de atletykbaan fan Leonitas yn Ljouwert in earbetoan brocht oan hurdrinster Foekje Dillema. Dêr waard de Foekje Dillema Memorial hâlden.
Hichtepunt wie de 100 meter, wêrop Dillema útblonk. De famylje fan Dillema wol nei dit earbetoan in punt sette achter alle oandacht foar de hurdrinster. Dillema wie Fryslâns rapste atlete, mar har karriêre waard sneu ôfbrutsen neidat konkurrinten bewearden dat Dillema in man wie.