Agresje by alkoholkontrôle

23 aug 2008 - 14:27

De plysje hat sneontemoarn betiid in soad wurk hân fan in alkoholkontrôle by in 34-jierrige automobilist fan De Jouwer. De man naaide út by de kontrôle, mar koe troch in plysjeman yn in kafee achterhelle wurde. In omstander woe foarkomme dat de man oppakt waard en pakte de plysjeman by de kiel.

Syn kollega bespuite de omstander mei pepperspray. De dronken automobilist is nei it buro brocht, de oare man wurdt noch socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)