Fytser ferwûne by Boalsert

© Omrop Fryslân
In man fan 20 út Nijlân is freedtemiddei yn Boalsert ferwûne rekke neidat er troch read riden wie by it oerstekken fan de Westergoawei.
In Sweedske automobilist ried dêr foarby en koe de fytser net mear ûntwike. De man kaam op de motorkap telâne en waard noch inkele meters meisleurd. Hy is mei ferwûnings oan de skonk nei it sikehûs yn Snits brocht.