Snitser krijt klappen

23 aug 2008 - 14:02

By in fjochtpartij op de Kruizebroederstraat yn Snits is yn de nacht fan freed op sneon in 29-jierrige Snitser ferwûne rekke.

Op 'e dyk foar in kafee krigen stappers spul, wêrby de man delslein waard troch in oare Snitser fan 26 jier. De plysje koe him op de Jousterkade oanhâlde. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)