OV-subsydzje foar skoalbern

© Omrop Fryslân
Lang om let krije Fryske mbo-learlingen dit skoaljier dochs in reiskostesubsydzje. Hast in jier lyn luts de provinsje in miljoen út om skoalbern fan 16 en 17 te stypjen yn harren reiskosten, mar troch de fertraging rûnom OV-chipkaart, is dat jild noch net by de learlingen terjochte kaam.
Allinne skoalbern dy't fierder as fjirtjin kilometer fan skoalle wenje komme yn oanmerking, yn de praktyk binne dat foaral mbo'ers.