Cambuur ferliest fan FC Zwolle

© Omrop Fryslân
Sportklub Cambuur hat freedtejûn foar it earst dit seizoen ferlern. FC Zwolle wie mei 3-1 te sterk. Yn de earste helte kaam Zwolle al nei 4 minuten mei 1-0 foar troch in goal fan Bram van Polen. Koart dêrnei kaam Cambuur alwer op likense hichte. Ut in moaie oanfal makke Ruud ter Heide syn twadde goal fan it seizoen.
Zwolle bleau lykwols de bettere ploech en troch goals fan Botteghin en Kleizen yn de twadde helte, wûn de thúsploech mei 3-1.