FK triatlon wurdt duatlon

© Omrop Fryslân
De triatlon fan Drachten wurdt feroare yn in duatlon. Troch in baktearje yn it wetter fan it swimparkoers sil no snein allinnich hurdrûn en fytst wurde. It swimûnderdiel, dat hâlden wurde soe yn it wetter by Parkwyk de Singels, komt te ferfallen.
De triatlon fan Drachten jildt dit jier as Frysk Kampioenskip, allinnich wurdt it no it Frysk kampioenskip duatlon. It is logistyk net mooglik om it swimmen te ferpleatsen nei in oar wetter, seit de organisaasje.