Undersyk nei FNP en SNP

22 aug 2008 - 17:16

In ûndersiker fan de universiteit fan Glasgow yn Skotlân docht ûndersyk nei de ferskillen en oerienkomsten tusken de Fryske Nasjonale partij FNP en de Scottish National Party, de SNP.

De SNP regeart sûnt koarten it autonome Skotlân, eat dat de FNP yn Fryslân noch nea slagge is. Undersiker Arno van der Zwet fan de Universiteit yn Glasgow komt ynkoarten nei Fryslân ta. De ûnderwerpen dêr't er nei sjen sil binne: yntegraasje, miljeubeweging en multikulturele mienskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)