Bernlef op paad mei fytskafee

22 aug 2008 - 15:08

Studinteferiening Bernlef út Grins is freed begûn jild yn te sammeljen om in boete fan 12.000 euro te beteljen. Dat jild is foar útjouwerij Kluitman. Seis jier lyn makke de studinteferieninging in Fryske Kameleonfilm sûnder tastimming fan de útjouwerij. Mei in fytskafee wurdt besocht om dit wykein jild op te heljen.

Der bart noch mear om jild binnen te heljen. Jûn is der in Fryske kenniskwis yn Frjentsjer en snein trede Fryske artysten op yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)