Omkommen pear betûfte silers

22 aug 2008 - 13:51

De Friezen dy't tiisdei yn needwaar omkaam binne yn de Golf fan Biskaje wiene betûfte silers. Dat sizze harren bern. Anne en Wies De Jong wiene mei de sylboat ûnderweis nei Spanje, doe't se yn in stoarm bedarren.

De mêst fan de sylboat bruts ôf en letter sonk de boat. De man en frou spielden in dei letter dea oan op it strân fan Frankryk. De Friezen wienen beide dit jier 60 wurden en krekt mei pinsjoen. Se soenen foar langere tiid te silen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)