140 monuminten op 'e Lemmer

22 aug 2008 - 12:39

De gemeente Lemsterlân wol sa'n 140 gebouwen op 'e Lemmer op de gemeentlike monumintelist sette. It giet om gebouwen dy't op dit stuit noch net beskerme binne, mar dat neffens de gemeente wol fertsjinje. It giet benammen om wenten en winkels yn it sintrum fan it doarp.

Troch de beskerme status wol de gemeente besykje it sintrum safolle mooglik te hâlden sa't it no is. Der sil ek noch sjoen wurde nei weardefolle gebouwen bûten De Lemmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)