Steigenga twadde yn Boalsert

Sierd Steigenga
Ivor Bruin fan Andijk wie tongersdei de rapste yn de einsprint fan de Ronde fan Boalsert. Sierd Steigenga fan Eksmoarre moast krekt belies jaan en waard yn syn 'eigen' stêd twadde.
Dizze 2 hurdfytsers makken diel út fan in kopgroep fan 10 man dy't al frij betiid yn it kritearium oer 80 kilometer ta stân kaam. Fokke Postma fan Drachtsterkompenije waard tredde, Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap fjirde. Fokke Postma is de nije lieder yn it noardlik kritearium-klassemint.