Pedro Beda op It Hearrenfean

21 aug 2008 - 19:11

De jonge Brazyljaan Pedro Beda is tongersdei taheakke oan de seleksje fan Sportklub Hearrenfean. Pedro Henrique Beda Nogueira soe al earder nei Nederlân komme. Troch problemen mei de papieren duorre dat no langer as de bedoeling wie.

Pedro Beda komt oer fan de Brazyljaanske klub Flamengo en is mooglik yn de takomst de opfolger fan Gerald Sibon. Tegearre mei Paolo Henrique, ek fan Brazylje, soe er in gefaarlik spitseduo wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)