Twa jeugspilers Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat twa jeugdspilers oanlutsen. De Hongaar Kenny Otigba (16) is in jonge ferdigener. Hy is oanfierder fan Hongarije ûnder de santjin. Otigba koe ek nei Liverpool, mar keas dochs foar Hearrenfean.
Neist de Hongaar hat Hearrenfean him ek fersekere fan in Brazyljaan. Lazaro Vinicius Alves Martins, mei de fuotbalnamme Lazaro komt oer fan Atletico Mineiro. Dat is ek de âld klub fan Afonso Alves.