Begrutting H'fean wer omheech

Yme Kuiper (foto Martin de Jong)
Sportklub Hearrenfean hat de begrutting wer fierder ferhege. Ferline jier wie dy begrutting noch in lytse 25 miljoen; no is dat 28,5 miljoen.
Op de jierlikse parsedei makke direkteur Yme Kuiper bekend dat doelstellings yn ferliking mei ferline jier net feroare binne. Dat hâldt yn dat Hearrenfean by de bêste fiif einigje wol, oerwinterje wol yn de UEFA-Cup en dat se better presteare wolle yn it nasjonale bekertoernoai.