Soad belangstelling 'Jorwert'

21 aug 2008 - 16:54

It giet wer goed mei it iepenloftspul fan Jorwert. It iepenloftspul moast fanwege in finansjeel tekoart dit jier bot ôfslankje. Dus in minder grut toaniel en minder grutte tribunes. En de nije opset liket oan te slaan. De helte fan de foarstellings is útferkocht en der komme sels twa ekstra by.

It stik 'Jou my wjukken' is in bewurking fan de populêre film 'As it is in heaven'. In film dy't giet oer in tsjerkekoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)