Koarte brân by Plusfood

© Omrop Fryslân
By it fleisferwurkjend bedriuw Plusfood yn Easterwâlde hat tongersdei koart brân west. De brân ûntstie trochdat in skoarstien yn in grillynstallaasje te hjit waard. It fjoer beheinde him ta de bûtenkant fan de skoarstien.
Doe't de oproppen brânwacht kaam wie it fjoer al út, de brânwacht hat noch wol oan it neiblussen west. De oanbelangjende skoarstien moat ferfongen wurde. It bedriuw rûst de kosten op inkele tûzenen euro's.