Fragen PVV oer ferkrêfting

© Omrop Fryslân
De Partij voor de Vrijheid wol fan de ministers fan lânbou en justysje witte wat sy derfan fine dat de man dy't ferline jier yn Marsum betrape waard op it ferkrêftsjen fan in pony net ferfolge wurdt.
It Iepenbier Ministearje kaam tongersdei mei dat beslút nei bûten. De PVV fynt dat de man wol ferfolge wurde moat en freget de ministers oft se ree binne har foech te brûken om it iepenbier ministerearje dêrta opdracht te jaan.