NUON kiest oannimmer Iemshaven

21 aug 2008 - 14:45

Oannimmer Van_der_Wiel is troch NUON útkeazen foar de bou fan in ûnderkommen foar minsken dy´t yn de Iemshaven in nije enerzjysintrale bouwe. It giet om 1200 wurknimmers, dy´t ûnderbrocht wurde sille yn in tydlik gebou.

Dat gebou krijt neist ienpersoanskeamers ek mienskiplike romten, sa as in kafee en in supermerk. It gebou komt op it plak fan de eardere psychiatryske klinyk Groot_Bronswijk yn Wagenborgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)