Test mei stoomfluiten yn Snits

21 aug 2008 - 13:43
Foto: Omrop Fryslân

By it Frysk Skipfeart Museum yn Snits dogge se nije wike sneon in bysûndere test. Der wurdt dan besjoen oft de twa âlde stoomfluiten dy't it museum yn syn besit hat it noch dogge.

Om dat dwaan te kinnen fart der in âlde stoomsleepboat spesjaal nei it museum ta. De twa stoomfluiten wurde dêr op de tsjettel fan de sleper oansletten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)