Misbrûker pony net ferfolge

21 aug 2008 - 12:12

De Stichting Zinloos Geweld tegen Dieren besiket de man dy't ferline jier yn Marsum betrape waard op it ferkrêftsjen fan in pony dochs foar de rjochter te krijen. It Iepenbier Ministearje sjocht gjin mooglikheden om de man te berjochtsjen.

Op dit stuit is der noch gjin wet dy't seks mei bisten ferbiedt. Allinne wannear't in bist der earnstich letsel by oprint soe in dieder der foar ferfolge wurde kinne. Dat is yn it gefal fan Marsum net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)