Frachtwein rydt motor oan
In motorrider is woansdeitemiddei ferwûne rekke op de Tussendammen by Rinsumageast. De man waard oanriden troch in frachtwein. De sjauffeur seach de motorrider net by it opriden fan in krusing.
De motorrider rekke troch de oanriding ferwûne oan syn holle en skonk. Hy is opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert.