Stenden wer eigen radiokanaal

De Stenden_Hegeskoalle hat nije wike wer syn eigen radiostjoerder. Op de stjoerder wurde programma´s brocht foar de studinten op de ferskate fêstigings fan de skoalle.
De programma´s wurde makke troch studinten fan de fêstigings yn Ljouwert en Emmen. Se wurde útstjoerd yn de wike dat de skoalle de earstejiers ûntfangt. Ferline jier waard foar it earst radio makke op de Stenden Hegeskoalle.