Jacht mei Poalen yn problemen

21 aug 2008 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân

In jacht mei seis Poalen oan board is woansdeitemiddei yn ´e problemen rekke op de Noardsee by Skiermûntseach. It jacht rekke ûnbestjoerber trochdat it roer stikken gie.

De rêdingsboat Koning Willem I waard ynset om it jacht fan see te heljen. Letter waard dy taak oernaam troch de rêdingsboat Jan en Titia út de Eemshaven.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)