De Jong en Kuipers: 1/2 finale

It Weidumer keatsfjild(foto Nije Kriich)
De 32e Frouljus-PC yn Weidum hat in ferrassend ferrin. Yn de heale finale stiet it partoer fan Klaske_de_Jong tsjin dat fan Afke_Kuipers. Earder waarden de favorite partoeren fan Géjanna Dijkstra en Maaike_Joostema al op de earste list útskeakele.
It partoer fan Klaske de Jong wûn op de twadde list fan it partoer fan Marie Heida mei 5-3 en 6-6. It partoer fan Afke Kuipers wûn yn de twadde omloop mei 5-3 en 6-0 fan it partoer fan Jindra_ten_Kate.