Bradley wer nei SC Hearrenfean

20 aug 2008 - 14:58

De Amerikaan Michael_Bradley meldt him freed wer by SC_Hearrenfean. Hy spile ferline wike op de Olympyske Spelen. Yn de pûl waard Amearika útskeakele. Woansdei spilet er noch in oefenwedstriid yn Guatemala.

Bradley is noch hieltyd op syk nei in nije club. Hearrenfean lit him allinnich gean foar in goede fergoeding. De Hearrenfean spilers Gerald_Sibon, Calvin Jong-A-Pin en Roy_Beerens binne fit weromkommen fan de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)