Ozinga yn Snits wurdt hotel

Hotel_Ozinga yn Snits wurdt wer in hotel-restaurant. Hast tsien jier stie de húskeamer fan Moeke_Jikke leech. Woansdei gie de earste peal de grûn yn foar nijbou fan 25 hotelkeamers en renovaasje fan de histoaryske gelachkeamer. It nije hotel wurdt in learbedriuw foar hoareka-opliedingen.
It gebou wie jierrenlang ynset fan ferskate partijen oer it eigendomsrjocht. Dizze simmer waard it skeel sljochte en kaam it âlde hotel yn de steigers.