Favoryt partoer leit derút

It favorite partoer fan Géjanna_Dijkstra, Gerieke_de_Groot en Afke_Hijlkema leit der al út op de Frouljus-PC yn Weidum. Se keatsten yn de earste omloop tsjin it partoer fan Klaske_de_Jong, Sjoukje_Visser en Aukje_van_Kuiken. Dy wienen úteinlik sterker mei 5-4 en 6-4.
Afke_Hijlkema hat njoggen kear keninginne west en mei Géjanna_Dijkstra soe se dit kear foar de tsiende kear de PC winne kinne. Géjanna hâldt nei dit seizoen op.