Boargemaster rêdt hinnen

20 aug 2008 - 10:17

Boargemaster De_Hoop fan It Amelân hat tiisdeitenacht in tal hinnen fan de dea rêden. De earste boarger en syn frou rûkten by har yn ´e buert in oanhâldende brânlucht. Se gienen op ûndersyk út.

Op de Ballumerwei seagen se in brânende skuorre. Se makken de bewenners wekker en bellen 112. Dêrnei seach de boargemaster kâns in tal hinnen út it dêrneistlizzend hinnehok te heljen. Sawol de skuorre as it hinnehok binne folslein ôfbaarnd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)