Beswieren tsjin teater Snits

© Omrop Fryslân
Tsjin it bestimmingsplan foar it nije teater yn Snits ha omwenjenden mear as 30 beswieren yntsjinne. Yn it âlde postkantoar oan de Westersingel moat in nij kultureel sintrum komme, mar de buert is der poer op tsjin.
Se fine de plande toanieltoer in oantaasting fan it beskerme stêdsgesicht, omdat dy toer hast like heech wurdt as de Martinitsjerke fierderop. It wurdt in te grut teater op in te lyts plak, fynt de buert.