Ljouwert fjochtet boete oan

19 aug 2008 - 21:11
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert giet yn berop tsjin in boete fan it ministearje fan Sosjale Saken. De gemeente moat in heal miljoen euro werom betelje.

Dat jild wie bedoeld om minsken út de bystân te krijen. Ljouwert kin net sjen litte dat dat ek bard is, sa fynt de rjochter yn Ljouwert. Dochs tinkt de gemeente Ljouwert dat der genôch reden is om yn berop te gean. Ek foar de jierren 2005 en letter driget sa'n selde boete.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)