Foppe tinkt oan ophâlden

19 aug 2008 - 15:36

Foppe de Haan tinkt deroan op te hâlden as fuotbalcoach. Dat sei er by thúskomst nei de Olympyske_Spelen. Yn 'e kwartfinale waard syn Jong Oranje útskeakele troch Argentynje. Dêrnei hie De Haan gjin sin mear om noch langer yn Sina te bliuwen. Sûnt moandeitejûn is De Haan wer thús yn Nes by Akkrum.

De Haan is no 65 jier. Hy wol noch graach mei Jong Oranje nei it folgjende EK, takom jier yn Sweden. Dêrnei hâldt er nei alle gedachten op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)