Harns wol bunker iepenstelle

19 aug 2008 - 14:17

In groepke entûsiaste Harnzers wol in bunker út de Twadde_Wrâldoarloch wer sichtber meitsje foar it publyk. De bunker leit ûnder de grûn yn de Ingelske tún yn de stêd en neffens de Harnzers is der in moai museum fan te meitsjen. Mar is is noch ûnwis hoe't de bunker der krekt hinneleit.

Yn 1990 is de bunker foar in part bleatlein foar ûndersyk, mar sûnt doe is der neat mear bard. It gemeentebestjoer wol dat eins foarearst sa litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)