Gjin animo foar oanpaste huzen

© Omrop Fryslân
Yn Jiskenhuzen is gjin belangstelling foar oanpaste wenten. De gemeente hie minsken by de ynskriuwing fan nije kavels foarrang jûn, as se foar in handikap in oanpast hûs hawwe moatte.
Yn it útwreidingsplan oan 'e súdkant fan it doarp binne njoggen gadingmakkers foar mei-inoar fiif wenten. Net ien wol lykwols in oanpaste wente hawwe. Ein augustus makket de gemeente Skarsterlân bekend wa't de lokkigen binne.