Fûgels mei GPS op Google Earth

© Omrop Fryslân
In tal leppelbekken op Skiermûntseach hat sûnt koart net in soad privacy mear. Harren dwaan en litten is foar elkenien te sjen op ynternet. De fûgels hawwe yn juny in GPS-stjoerderke omkrigen dat seis kear deis trochjout wêr't se binne
De GPS-stjoerders wurkje trije jier en se kostje 3000 euro it stik. As der ien earder delkomt, is dat in flinke skeapost. De site www.werkgroeplepelaar.nl jout ek ynformaasje oer de GPS-leppelbekken.