Kraanbak op keet delset

© Omrop Fryslân
Yn it wykein is op ferskate plakken yn ´e provinsje ynbrutsen. Sa waard op de Van_Weerden_Poelmanstrjitte yn Hurdegaryp de doar fan in kraan iepenbrutsen. De gyk waard draaid en sa waard de bak fan ´e kraan op in skoftkeet delset. It dak fan ´e keet is dêrby fernield.
By in ynbraak yn in skoalle oan De_Skeauwen yn Oerterp binne in beamer en in laptop stellen. Ut in skoalle oan De_Splitting yn Drachten is lûds- en ljochtapparatuer meinaam.