Klûs stellen by Knol

18 aug 2008 - 12:19

By in ynbraak yn ferkearsskoalle Berend_Knol oan de Orionwei yn Ljouwert is sneontenacht de klûs stellen. Dêryn siet 30.000 euro. Noch ferfelender foar de ferkearsskoalle is dat der ek 40 kentekenbewizen en oare wichtige papieren yn sieten.

Berend_Knol is lulk oer de ynbraak. Hy hat der tûzen euro foar oer om de kentekenbewizen en de oare papieren werom te krijen. Foar in tip dy´t nei de dieder liedt, hat er noch mear jild oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)