´Gjin miljoenen foar Poortje´

Jeugdfinzenis Het Poortje
It is net wier dat de gemeente It_ Hearrenfean miljoenen euro´s subsydzje krijt foar de mooglike festiging fan jeugdfinzenis Het_Poortje. Dat seit boargemaster De_Jonge yn reaksje op keamerfragen fan Fred Teeven (VVD).
Yn in anonime mail fan ien dy´t seit mol te wêzen op it departemint fan justysje stiet dat It_Hearrenfean in stimulearringsfergoeding krijt omdat de bougrûn dêr goedkeaper is as op oare plakken. De_Jonge neamt it ferhaal te gek foar wurden.