Hûn byt jonkje (3) yn gesicht

18 aug 2008 - 09:47

In jonkje fan trije jier út Ljouwert is sneintemiddei yn it gesicht biten troch in hûn. It bist, in krusing tusken in bokser en in Amerikaanske bullterriër, waard yn de Familie_van_der_Weijstrjitte yn Ljouwert útlitten troch in 22-jierrige frou út Haarlim.

It jonkje woe de hûn aaie, wêrnei´t it bist him biet. In omstanner wist de hûn by it bern wei te lûken. It jonkje rekke ûnder oare ferwûne oan in each. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De hûn wurdt ôfmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)