Oanhâlden foar mislediging

17 aug 2008 - 17:10

De plysje hat in ynwenner (24) fan Aldehaske sneontemiddei meinommen nei it buro, omdat er in plysjeman misledige hie by syn oanhâlding.

De plysjeman op de motor woe de man yn syn auto oan de kant sette, omdat er gjin gurdel om hie. De 24-jierrige ried lykwols troch. Nei it jaan fan ljochtsinjalen en toeterjen, krige de plysje him letter dochs noch oan de kant fan de dyk. Doe't de Aldehasker troch hie dat er in bekeuring krije soe, misledige er de plysjeman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)