Tankstasjon Dokkum oerfallen

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in ynwenner (40) fan Dokkum oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan in oerfal op in tankstasjon oan de Bocksmeulen yn Dokkum. Dêrby hie er in meiwurker fan it tankstasjon by de kiel grypt.
Ek moast de meiwurker it jild út de kassa meijaan. Doe't de man útnaaid wie, hat de meiwurker it sinjalemint fan de man en de auto trochjûn oan de plysje. Dy seagen de auto op de Trekweg riden. By de oanhâlding hie de man de bankbiljetten noch by him.