Auto tsjin fangrail

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn it rydbewiis ynnaam fan in 37-jierrige automobilist út Broeksterwâld. De man wie mei syn auto op de Grinzerstrjitwei by Ljouwert tsjin de fangrail oanriden, wêrby't syn auto total loss rekke.
Omdat er dronken hie, waard de bestjoerder nei it plysjeburo oerbrocht foar in azemanalyze. De man wie lykwols net by steat om dêroan mei te wurkjen, sadat him in bloedproef ôfnaam waard.