Bart Helmholt wint Fryslân Cup

17 aug 2008 - 11:46

Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneontejûn de Fryslân Cup wûn. Op de barte fan Drylts ljepte de Frysk kampioen mei 19.80 meter in skânsrekord. It wie de iennichste goeie sprong fan Helmholt. Rein van der Wal fan Parregea waard mei 19.07 twadde.

By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar fan Snits mei 14.14. Alwin Fonk fan Burgum wie de fierste by de junioaren mei 17.98 en Folkert Heida fan Haskerdiken wûn by de jonges mei 16.81.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)