Jonges yn aksje foar Kika

17 aug 2008 - 11:35

Twa Fryske jonges hawwe sneon 2300 euro foar de stichting Kika ophelle, troch te kuierjen fan Bûtenpost nei Ljouwert. Ricardo Brouwer (17) fan Bûtenpost en Jochum van der Woude (14) rûnen de 32 kilometer yn seis oeren. By de einstreek yn Ljouwert stie boargemaster Crone se op te wachtsjen.

De stichting Kika sammelet jild yn foar bern mei kanker. Ricardo en Jochum fregen foarbygongers om jild, mar hiene ek sponsors socht. Ien fan har wie sjonger Syb van der Ploeg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)