Keatsmaraton Goaiïngea slagge

De keatsferiening De Lege Geaën hat mei súkses tritich oeren achterelkoar keatst. De seis keatsers, trije manlju en trije froulju, keatsten de maraton yn Goaiïngea omdat harren feriening tritich jier bestiet.
By it evenemint sammelen de keatsers ek jild yn foar de stichting Sviatoslav. Dy set him yn foar kânsearme en sike bern yn it Russyske Sint Petersburch en foar in ynternaat foar bern mei polio yn Tadzjikistan. De maraton wie sneontejûn sân oere dien.