Partoer Bouma wint yn Damwâld

© Omrop Fryslân
It partoer fan Jochum Bouma, Herman Sprik en Daniël Iseger hat sneon yn Damwâld de útnoegingspartij keatsen wûn. Se wûnen yn de finale fan it partoer fan Rutmer van der Meer, Karel Nijman en Chris Wassenaar mei 5-1 en 6-2.
De oerwinning kaam foar in grut part op namme fan Daniël Iseger. Net allinnich achteryn it perk mar ek oan de opslach wie Iseger goed op dreef.