Epke tiisdei wer yn aksje

Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland sil no tiisdei yn de Olympyske tastelfinale op rek, deselde oefening útfiere as yn de kwalifikaasjes. Zonderland hat mei syn coach Gerard Speerstra in swierdere fariant oefene, mar fynt it riskio op flaters te grut.
Epke sil syn oefening wol wat moaier útfiere moatte, fynt Speerstra. De swierdere oefening foar de finale hie in útgongswearde fan 7,3. Zonderland hâldt it no by 7,1. Neffens syn coach hat er ek dêrmei medaljekânsen.