Iepen dei by SC Hearrenfean

Mear as 10.000 jonges en famkes kamen sneon mei heit en mem nei de iepen dei fan SC Hearrenfean. By it Abe Lenstra-stadion wiene tal fan aktiviteiten dêr't de jeugdige fans fan de sportklub har fermeitsje koenen.
Sa wie der in rûnlieding troch it stadion en wie de sporthal iepen. Ek yn de feanshop wie it in drokte fan belang. Om 12.00 oere wie it hichtepunt fan de dei en presintearren de spilers har oan de fans.