Ringslangen útset yn natuer

Sa'n 120 jonge ringslangen binne sneontemoarn útset yn de natuer fan de Liphústerheide. Foar Jelle Hofstra fan de reptilewurkgroep Fryslan wie it in moai momint. De jonge slangen komme út de aaien dy't Hofstra ferline moanne noch rêde koe út de kompostbulte fan in ynwenner fan De Sweach, dy't se ferneatigje soe.
Jelle Hofstra is noch altyd lilk op Wiebren Groen fan Beetstersweach. Dy skrok sa fan de slangen yn syn tún dat er in stik of tweintich deamakke.